- roel&jasper - -

Omrop Fryslân | Leeuwarden

haad publyk en reklame

ervaren in marketing, data-analyse, marktbenadering & communicatie

Expertisegebieden


Omrop Fryslân

Omrop Fryslân is dé regionale publike omrop foar elk dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De organisaasje makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje en bringt content fia ferskate platfoarms lykas radio, televyzje en online-kanalen. De Omrop is tichtby, werkenber en betrouber en is hieltyd yn kontakt mei har publyk.

Ferbine, ferdjipje en foaroprinne
Boppesteande fertaalt him yn trije kearnbegripen, nammentlik ferbine, ferdjipje en foaroprinne. Omrop Fryslân wol de mienskip ferbine en deroan bouwe. Ferdjipje troch tema’s konsekwint en betrouber te ferslaan en minsken kontekst te jaan. Omrop Fryslân wol foaroprinne troch ûnderwerpen sels te agindearjen en fakmanskip hieltyd te ferbetterjen.

It plak fan de taal

It Frysk is de twadde rykstaal yn Fryslân en dêr is Omrop Fryslân grutsk op. It Frysk is dan ek de fiertaal. Alle presintatoaren en ferslachjouwers brûke it Frysk as de earste taal en dat is werom te sjen yn alle uteringen fan de Omrop. De Omrop wol der foar alle ynwenners fan Fryslân wêze en troch de krêft en skjintme fan de taal yn te setten, nûget Omrop Fryslân net-Frysktaligen út om mei te genietsjen en de taal te learen.

De organisaasje

It managemintteam fan Omrop Fryslân bestiet út de Haadredakteur, it Haad Technyk en it Haad Publyk-Reklame, ûnder foarsitterskip fan de direkteur-bestjoerder. It Haad P&O en de controller advisearje it MT út har ekspertize wei.

De fyzje op liedingjaan

De 140 fêste meiwurkers en sa’n 80 freelancers fan de Omrop binne profesjonals, minsken dy’t harren fak behearskje, spesjalisten. Fertrouwen, ferantwurdlikens jaan en it nimmen fan selsstannigens binne hjir fêst mei ferbûn.

Omrop Fryslân leit de ferantwurdlikens leech yn de organisaasje. It primêre proses stiet sintraal wêrby’t de rezjy op de wurkflier úteinlik by multifunsjonele teams komt te lizzen. Dy teams binne ferantwurdlik foar it hiele wurkproses om de programma’s, de ferhalen te plannen, ta te rieden en te produsearjen binnen de, mei it team, yn it foar stelde kaders.

Dizze teams binne suksesfol as elkenien ferantwurdheid nimt en krijt. Likegoed foar it eigen wurk as foar de teamprestaasje. It freget in protte fan it persoanlik liederskip fan de teamleden, de gearwurking en it teamklimaat om de teams suksesfol wêze te litten.

Wurkje yn multidissiplinêre teams jout de profesjonals fan Omrop Fryslân maksimale romte om harren te ûntwikkeljen en rjochting te jaan oan de eigen wurksumheden.

Utgongspunt foar de liedingjaanden is it tsjinjend liederskip. Foar alle liedingjaanden jildt dat besluten mei it team nommen wurde. Stjoerend, stypjend, fasilitearjend, betingstenskeppend, ôfhinklik fan de sitewaasje. Dat freget fan liedingjaanden fleksibiliteit, in iepen hâlding, ynlibbingsfermogen en de werklike wil goed te harkjen en fierder troch te freegjen nei de achterlizzende gedachte, motivaasje of driuwfear.

Lieding jaan oan profesjonals freget fan liedingjaanden feardichheden om de mei it team formulearre kaders te monitoarjen en meiwurkers yn frijheid en fertrouwen har wurk dwaan te litten.

In team binnen de Omrop stiet net op himsels. It úteinlike produkt wurdt makke troch alle teams mei elkoar. Dit freget fan de teams dat se op ‘e hichte binne fan elkoars wurk. Dêryn hawwe managementteam en direksje in belangrike rol. It proses fan evaluaasje, kommunikaasje en gearwurkjen is fan wêzentlik belang yn de teams, mar op syn minst sa belangryk tusken en mei de ferskate teams.

De Omrop is in kreative organisaasje wêrby’t romte is foar it ûntwikkeljen fan fernijende wurkwizen en kontent-strategyen. Betingst is dat der iepenheid en feiligens is om kwetsber doare te wêzen. Liedingjaan oan dizze beweging freget om foarbyldgedrach, lef en geduld.

Fakatuere Haad Publyk-Reklame

It Haad Publyk-Reklame is ferantwurlik foar de ôfdielings Publyk en Reklame en hat yn it MT inselde gewicht as it Haad Technyk. Om’t de ôfdieling Ferhalen de redaksje omfiemet en dy statutêr in ûnôfhinklike hannelingsfrijheid hat, is it oan it Haad Publyk-Reklame om de beynfloedings- en stjoeringsmooglikheden goed oan te fielen. Uteinlik hat de Haadredakteur ynhâldlik it lêste wurd.

Ofdieling Publyk

De ôfdieling Publyk is binnen de Omrop ambassadeur fan de harkers, sjoggers en lêzers. Tegearre mei de ôfdielings Ferhalen en Technyk wurdt it juste ferhaal by de juste doelgroep brocht. Omrop Fryslân wol safolle mooglik yn kontakt wêze mei har publyk. Krekt om dizze strategy hannen en fuotten te jaan is de ôfdieling Publyk foarme út marketing, kommunikaasje, publisiteit, foarmjouwing en sosjale media & ynteraksje. Belangrike ûnderdielen binne de marketing fan it merk, de marketing fan Reklame en it publyk(sifers)ûndersyk. Mei it flot wichtiger wurden fan data-strategy en de kânsen dy’t dat jout, is it nedich dat de nije liedingjaande dêrop in fyzje hat, lykas op it ûntwikkeljen fan brandmanagemint.

Foar it berikken fan de doelstellings is in optimale gearwurking mei de ôfdielings Technyk en Ferhalen beskiedend. Fierder hat de ôfdieling Publyk troch syn responskennis in natuerlike ferbining mei de ôfdieling Reklame. De ôfdieling Publyk hat 10 meiwurkers, wêrûnder in koördinator as oansprekpunt foar de deistige praktyk.

Ofdieling Reklame

De ôfdieling Reklame, de kommersjele unit binnen Omrop Fryslân, is de ekspert yn advertearje op radio, televyzje en online. De ôfdieling is, nettsjinsteande de winske nauwe gearwurking mei Publyk, út de Mediawet wei in selsstannige entiteit. Ofdieling Reklame is belutsen by de aginda fan de Omrop. De klant- en merkoanpak slút oan by hoe’t de Omrop syn publyk berikke wol. De ôfdieling Reklame hat seis meiwurkers, wêrûnder in koördinator as oansprekpunt foar de deistige praktyk.

Foar de ôfdielings Publyk en Reklame siket Omrop Fryslân in

🟥 HAAD PUBLYK EN REKLAME (lid mt)

betûft yn marketing, data-analyse, merkbenadering en kommunikaasje

Profyl Haad Publyk-Reklame

It Haad Publyk-Reklame hat in sit yn it managementteam, is de ambassadeur fan de aparte ôfdielings Publyk en Reklame binnen en bûten de organisaasje, is de behertiger fan it publyksbelang likegoed as de kommersjele belangen en past op it merk Omrop Fryslân. It Haad Publyk leit ferbiningen mei alle ôfdielings binnen de organisaasje.

Yn it MT dielt it Haad Publyk-Reklame trends en ûntjouwings fan bûten de organisaasje en tinkt aktyf mei oer proposysjes dy’t foar de Omrop foar de koarte termyn, mar beslist ek foar de langere termyn foarlizze. Passend funksjonearjen op strategysk nivo is dêrfoar needsaaklik.

De manager hat op lanlik nivo in relevant netwurk op it mêd fan kommunikaasje, marketing, data-analyse, merkbewurking en brandmanagemint. De manager hat gefoel foar it medialânskip. Underfining binnen de media is in foardiel.

Yn de ynteraksje binnen it MT is in ferbiner op syn plak. In liedingjaande dy’t de belangen op koarte en lange termyn identifisearje kin en op effektive wize in paad fynt yn de op it earste gesicht soms tsjinstelde belangen.

It heljen fan de doelstellingen fan de beide ôfdielingen hinget sterk ôf fan de ynteraksje en gearwurking mei de oare ôfdielingen binnen de Omrop. Dat freget fan de liedingjaande de kunde soepel te kommunisearjen op ferskate nivo’s. De manager jout de twa ôfdielingen de juste ynformaasje út de oare dissiplines fan de organisaasje, sadat it wurk optimaal dien wurde kin. Oarsom is it Haad dé fertsjintwurdiger fan de ôfdielingen en wit dy passend te posisjonearjen binnen de Omrop.

De teams binne sels organisearjend en multydissiplinêr gearstald. De meiwurkers binne profesjonals en moatte ek sa begelaat wurde nei persoanlike en mienskiplike groei. De ôfdielingen sykje in manager dy’t net oernimt, mar krekt stipet, motivearret en ynspirearret.

De meiwurkers freegje dêrom in tagonklike, maklik benei te kommen en empatyske peoplemanager, dy’t har as kreative persoanen yn har krêft hâldt en ek prioriteiten oanjout en kaders stelt.

De twa koördinatoaren freegje in manager dy’t har helpt mei it hâlden fan oersjoch, mei wa’t se sparre kinne, dy’t mei har foarútsjocht nei de takomst en dêr’t se op weromfalle kinne.

Koartsein, Omrop Fryslân siket dy ast kennis fan saken hast, ûndernimmend bist, foarútsjochst en enerzjyk en mei realiteitssin mei de meiwurkers de takomst tichterby bringst.

Bisto de kollega dy’t wy sykje?

As Haad Publyk-Reklame wurkest do oan it plak fan Omrop Fryslân. Do tinkst nei oer de te nimmen stappen om dit plak te fergrutsjen. Dyn ôfdielings wurde mei dy sterker yn it ynterpretearjen fan data en meitsje analyses dêr’t de redaksje wat mei kin.

It Haad stimulearret de ôfdieling Reklame by it heljen fan de targets, stipet de beide ôfdielings yn it formulearjen fan nije konsepten en betinkt mei de meiwurkers hoe’t dy yn ‘e merk setten wurde kinne.

Fierdere taken:

Wat hast yn’e hûs?

Hasto ûndersteande kompetinsjes?

Wa binne wy?

Omrop Fryslân hat yn har strategysk plan ‘Kom Fierder’ op basis fan in yntensive gearwurking mei alle geledingen binnen en om it bedriuw hinne har misje, fyzje en strategy delskreaun. De pylders út dit plan steane foar de kommende jierren sintraal: Ferhalen, Publyk en Technyk. Yn de nije wurkwize rjochte op ferbine, ferdjipje en foarop rinne stiet de eigen ferantwurlikens fan meiwurkers lykas selsstannich en profesjoneel wurkje foarop.

Wat krigesto fan ús?

Do komst yn sterke, kreative en profesionele organisaasje. Yn it sintrum fan it nijs en middenyn de Fryske mienskip. Mei dyn innovative en kreative ideeën bisto wolkom!

Ynset en prestaasje wurde beleanne mei in passend taryf ôfstimd op wurkûnderfining en neffens de CAO foar publike omroppen. In assessment makket diel út fan de proseduere.


Omrop Fryslân

Omrop Fryslân is dé regionale publieke omroep voor eenieder die zich met Friesland verbonden voelt. De organisatie maakt verhalen die informeren, inspireren en amuseren en brengt content via verscheidene platformen zoals radio, televisie en online-kanalen. De omroep is dichtbij, herkenbaar en betrouwbaar en is steeds in contact met haar publiek.

Verbinden, verdiepen en vooroplopen
Het bovenstaande vertaalt zich in drie kernbegrippen, namelijk verbinden, verdiepen en vooroplopen. Omrop Fryslân wil de Mienskip verbinden en eraan bouwen. Verdiepen door thema’s consequent en betrouwbaar te verslaan en mensen van context te voorzien. Omrop Fryslân wil vooroplopen door onderwerpen zelf te agenderen en vakmanschap continue te verbeteren.

It plak fan de taal

It Frysk is de twadde rykstaal yn Fryslân en dêr is Omrop Fryslân grutsk op. It Frysk is dan ek de fiertaal. Alle presintatoaren en ferslachjouwers brûke it Frysk as de earste taal en dat is werom te sjen yn alle uteringen fan de Omrop. De Omrop wol der foar alle ynwenners fan Fryslân wêze en troch de krêft en skjintme fan de taal yn te setten, nûget Omrop Fryslân net-Frysktaligen út om mei te genietsjen en de taal te learen.

De organisatie

Het managementteam van Omrop Fryslân bestaat uit de Haadredakteur, it Haad Technyk en it Haad Publyk-Reklame, onder voorzitterschap van de directeur-bestuurder. Het hoofd P&O en de controller adviseren het managementteam vanuit hun expertise.

De visie op leidinggeven

De 140 vaste medewerkers en zo’n 80 freelancers van de Omrop zijn professionals, mensen die hun vak beheersen, specialisten. Vertrouwen, verantwoordelijkheid geven en nemen en zelfstandigheid zijn hier onlosmakelijk mee verbonden.

Omrop Fryslân kiest voor een organisatie waarin de verantwoordelijkheid laag in de organisatie ligt. Het primaire proces staat centraal waarbij de regie op de werkvloer uiteindelijk bij multidisciplinaire teams ligt. Deze teams zijn verantwoordelijk voor het gehele werkproces om de verhalen en de programma’s te plannen, voor te bereiden en te produceren binnen de, met het team, vooraf gestelde kaders.

Deze teams zijn succesvol als iedereen verantwoordelijkheid neemt en krijgt. Zowel voor zijn of haar eigen werk, maar ook voor de teamprestatie. Het vraagt veel van het persoonlijk leiderschap van de teamleden, de samenwerking en het teamklimaat om de teams succesvol te laten zijn.

Werken in multidisciplinaire teams geeft de professionals van Omrop Fryslân maximale ruimte om zich te ontplooien en richting te geven aan eigen werkzaamheden.

Uitgangspunt voor de leidinggevenden is het dienend leiderschap. Voor alle leidinggevenden geldt dat de besluiten samen met het team worden genomen. Sturend, ondersteunend, faciliterend, voorwaardenscheppend, afhankelijk van de situatie. Dit vraagt van leidinggevenden flexibiliteit, een open mind, inlevingsvermogen en de daadwerkelijke wil goed te luisteren en verder door te vragen naar de achterliggende gedachte, motivatie of drijfveer.

Leidinggeven aan professionals vraagt van leidinggevenden vaardigheden om de met het team geformuleerde kaders te monitoren en medewerkers in vrijheid en vertrouwen hun werk te laten doen.

Een team binnen de Omrop staat niet op zich. Het uiteindelijke product wordt gemaakt door alle teams samen. Dit vraagt van de teams dat ze op de hoogte zijn van elkaars werk. Hierin hebben managementteam en directie een belangrijke rol. Het proces van evaluatie, communicatie en samenwerken is van wezenlijk belang binnen de teams, maar minstens zo belangrijk tussen en met de verschillende teams.

De Omrop is een creatieve organisatie waarbij er ruimte is voor ontwikkelen van vernieuwende werkwijzen en content-strategieën. Voorwaarde is dat er openheid en veiligheid is om kwetsbaar te durven zijn. Leidinggeven aan de deze beweging vraagt om voorbeeldgedrag, lef en geduld.

Vacature Haad Publyk-Reklame

Het Haad Publyk-Reklame is verantwoordelijk voor de afdelingen Publyk en Reklame en heeft binnen het managementteam eenzelfde gewicht als het Haad Technyk. Daar de afdeling Ferhalen de redactie van Omrop Fryslân omvat en deze statutair een onafhankelijke handelingsvrijheid heeft, is het aan het Haad Publyk-Reklame om de beïnvloedings- en sturingsmogelijkheden passend aan te voelen. Uiteindelijk heeft de Haadredakteur inhoudelijk het laatste woord.

Afdeling Publyk

De afdeling Publyk is binnen de Omrop ambassadeur van het publiek, zodat in samenwerking met Ferhalen en Technyk het juiste verhaal bij de juiste doelgroep wordt gebracht. Omrop Fryslân is een organisatie die zoveel mogelijk in contact wil zijn met zijn publiek. Om deze strategie te ondersteunen is de afdeling Publyk gevormd vanuit marketing, communicatie, publiciteit, vormgeving en sociale media & interactie. Belangrijke onderdelen zijn marketing van het merk, de marketing van sales en het publiek(cijfers)onderzoek. Data-strategy en -analyse wordt snel belangrijker en met de nieuwe kansen die zich hier voordoen, is het noodzakelijk dat de leidinggevende daarop een visie heeft, evenals op het (door)ontwikkelen van brandmanagement.

Voor het bereiken van de doelstellingen is een optimale samenwerking met de afdelingen Technyk en Ferhalen doorslaggevend. Verder heeft de afdeling Publyk door zijn responskennis een natuurlijke verbinding met de afdeling Reclame. De afdeling Publiek omvat 10 medewerkers, waaronder een coördinator als aanspreekpunt voor de dagelijkse praktijk.

Afdeling Reklame

De afdeling Reklame, de commerciële unit binnen Omrop Fryslân, is de expert in adverteren op radio, TV en online. De afdeling is, ondanks de nauwe samenwerking met de afdeling Publyk, vanuit de Mediawet een zelfstandige entiteit. Afdeling Reklame is nauw betrokken bij de agenda van de Omrop. De klant- en marktbenadering van de afdeling sluit aan bij de manier waarop de Omrop zijn publiek wil bereiken. De afdeling Reklame omvat 6 medewerkers, waaronder een coördinator als aanspreekpunt voor de dagelijkse praktijk.

Voor de afdelingen Publyk en Reklame vraagt Omrop Fryslân een

🟥 HAAD PUBLYK EN REKLAME (lid mt)

Ervaren in marketing, data-analyse, marktbenadering & communicatie

Profiel Haad Publyk-Reklame

Het Haad Publyk-Reklame heeft zitting in het managementteam, is de ambassadeur van de aparte afdelingen Publiek en Reklame binnen en buiten de organisatie, is de behartiger van zowel het publieksbelang als de commerciële belangen en is bewaker van het merk Omrop Fryslân.

Het Haad legt verbindingen met alle afdelingen binnen de organisatie.

In het managementteam deelt het Haad Publyk-Reklame trends en ontwikkelingen van buiten de organisatie en denkt actief mee over de proposities die voor de omroep voor de korte termijn, maar zeker ook voor de lange termijn voorliggen. Passend functioneren op strategisch niveau is daarmee essentieel.

De manager heeft op landelijk niveau een relevant netwerk op het gebied van communicatie, marketing, marktbenadering, data-analyse en brandmanagement. De manager heeft feeling met het medialandschap. Ervaring binnen de media is een pré.

In de interactie binnen het managementteam is een verbinder op zijn plek. Een leidinggevende die de belangen op korte en lange termijn kan identificeren en op effectieve wijze een weg vindt in de op het eerste gezicht soms tegengestelde belangen.

Het behalen van de doelstellingen van de beide afdelingen hangt sterk af van de interactie en samenwerking met de andere afdelingen binnen de Omrop. Dit vraagt van de leidinggevende de kunde soepel te communiceren op diverse niveaus. De manager voedt de twee afdelingen met de juiste informatie uit de andere disciplines van de organisatie, zodat het werk optimaal gedaan kan worden. Andersom is het Haad dé vertegenwoordiger van de afdelingen en weet deze passend te positioneren binnen de Omrop.

De teams zijn zelf organiserend en multidisciplinair samengesteld. De medewerkers zijn professionals en dienen navenant te worden begeleid naar persoonlijke en gezamenlijke groei. De afdelingen zoeken een manager die niet overneemt, maar juist ondersteunt, motiveert en inspireert.

De medewerkers vragen daarom een toegankelijke, makkelijk benaderbare en empathische ‘people manager’, die hen als creatieve personen in hun kracht houdt en tevens prioriteiten aangeeft en kaders stelt.

De twee coördinatoren vragen een manager die hen helpt met het behouden van overzicht, met wie ze kunnen sparren, die met hen vooruitblikt naar de toekomst en waarop zij kunnen terugvallen.

Kortom Omrop Fryslân zoekt jou als je als manager kennis van zaken hebt, ondernemend bent, de blik vooruit hebt en energiek en met realiteitszin samen met de medewerkers de toekomst dichterbij brengt.

Ben jij de collega die we zoeken?

Als Haad Publyk-Reklame werk je aan de plek van Omrop Fryslân. Je denkt na over de te nemen stappen om deze plek te vergroten. Jouw afdelingen worden met jou sterker in het interpreteren van data en maken analyses waarmee de redactie iets kan.

Het Haad stimuleert de afdeling Reklame bij het halen van de targets, ondersteunt de afdelingen in het formuleren van nieuwe concepten en bedenkt met de medewerkers hoe die in de markt kunnen worden gezet.

Verdere taken:

Wat heb jij in huis?

Heb jij onderstaande competenties?

Wie zijn wij?

Omrop Fryslân heeft in het strategisch plan ‘Kom Fierder’ op basis van een intensieve samenwerking met alle geledingen binnen en buiten het bedrijf de missie, visie en strategie opgeschreven. De pijlers uit dit plan staan voor de komende jaren centraal: Ferhalen, Publyk en Technyk. In de nieuwe werkwijze gericht op verbinden, verdiepen en vooroplopen staat de eigen verantwoordelijkheid van medewerkers net als zelfstandig en professioneel werken voorop.

Wat krijg je van ons?

Je komt in een sterke, creatieve en professionele organisatie. In het centrum van het nieuws en middenin de Friese samenleving. Met jouw innovatieve en creatieve ideeën ben je welkom!

Inzet en prestatie worden beloond met een passend tarief afgestemd op werkervaring en volgens de CAO voor publieke omroepen. Een assessment maakt deel uit van de procedure.


Omrop Fryslân laat zich in deze procedure ondersteunen door roel&jasper. Voor vragen kun je contact opnemen met Roel Jasper via telefoonnummer 050-3112502.

roel&jasper voert de (digitale) gesprekken met in potentie voor de functie geschikte kandidaten. Vervolgens zullen de cv’s van geschikte kandidaten aan Omrop Fryslân worden gepresenteerd. Op basis hiervan worden kandidaten geselecteerd die in aanmerking komen voor een selectiegesprek.

Jouw motivatie en cv in pdf-format kun je uiterlijk zondag 9 oktober 2022 e-mailen naar [email protected].

Privacy

Vanzelfsprekend is een vertrouwelijke behandeling van jouw gegevens gewaarborgd. Hoe roel&jasper met jouw gegevens omgaat, welke gegevens nodig zijn en de bewaartermijnen ervan, kun je teruglezen in de privacy policy.